Garnalefabrykje Moddergat rint as it spoar

12 aug 2017 - 12:29

It giet goed mei it garnalefabrykje. It gebouke oan de seedyk by Moddergat wie ea it plak dêr't de fiskers de garnalen sieden. It restaurearre gebou hat no in funksje as kultureel, edukatyf natuersintrum. En dêr giet it boppe ferwachting goed mei.

Anke Bijlsma is de programmeur en stelt op fersyk programma's gear foar groepen dy't de lokaasje ôfhiere. De sjarme is fansels it smûke, lytsskalige fan it gebou mei syn nijsgjirrige histoarje. "Mar krekt dêryn sit ek de beheining', fertelt Anke Bijlsma. "Mei muoite kinne we hjir 60 minsken hâlde en dat is eins te min om ekonomysk sûn te draaien." Utwreidzje is dan ek in grutte winsk.

Mear oer Moddergat snein yn Buro de Vries.

(Advertinsje)
(Advertinsje)