Tou spand op mountainbikerûte Boarnburgum

12 aug 2017 - 11:59
Mountainbike, Beetstersweach - Foto: Facebook, Mountainbikeroute Beetsterzwaag

Unbekenden hawwe op in mountainbikerûte yn de bosken by Boarnburgum in tou op kielhichte delhongen. It tou hong oer it fytspaad hinne, op in plak dêr't ek peallen delset wiene. Dizze wiene dúdlik bedoeld foar in speurtocht.

De minsken achter de organisaasje Mountainbikeroute Beetsterzwaag binne op de hichte brocht fan it tou. Sy sizze dat it net dúdlik is oft it tou troch domheid of mei opsetsin delhongen is. Dochs oerwaacht de organisaasje oanjefte te dwaan fan de poging ta mishanneling. Neffens harren hie immen hjirtroch swier ferwûne reitsje kinnen.

Se warskôgje fytsers om op dizze rûte goed op te letten, en it fuortendaliks te melden as se mear fan soksoarte saken oantreffe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)