Deade man fûn yn it wetter by Boazum
De plysje docht op dit stuit ûndersyk nei de fynst fan in deade man by Boazum. It lichem waard sneontemoarn fûn yn in feart. Der wurdt ûndersyk dien nei de identiteit fan de man en nei de oarsaak. It plak fan de fynst is dêrom ôfset.
Neffens de plysje giet it om in lokaasje krekt bûten it doarp. Mear ynformaasje is der noch net.