Dôfhûdige Ljouwerter opnij pakt mei ûnjildich rydbewiis

12 aug 2017 - 11:02
Rydbewiis - Foto: ANP XTRA

In 28-jierrige Ljouwerter is freedtejûn foar de sechde kear oanhâlden foar it riden mei in ûnjildich rydbewiis. Aginten seagen de man riden op de Aldlânsdyk. Hy foel op om't er net de ferplichte rydrjochting folge. Doe't de man kontrolearre waard, die bliken dat er in ûnjildich rydbewiis hie. Hjir is er sûnt 2014 al fiif kear earder foar oanhâlden.

De man is koarte tiid meinaam nei it buro foar ûndersyk, hy moat him letter ferantwurdzje foar de rjochter. De auto fan de man is yn beslach naam.

Trefwurden: 
Ljouwert rydbewiis
(Advertinsje)
(Advertinsje)