Marit Bouwmeester ferlit test WK yn Aarhus

12 aug 2017 - 10:10
Marit Bouwmeester (argyffoto) - Foto: Twitter Marit Bouwmeester

Sylster Marit Bouwmeester ferlit it test WK yn it Deenske Aarhus. Se docht it tige goed op it evenemint, en stiet op dit stuit op it earste plak yn de Laser Radialklasse. Bouwmeester wol har lykwols goed tariede op it WK dat letter dizze moanne yn Nederlân hâlden wurdt. Dêrom fljocht se sneon, twa dagen foar de ein fan it test WK, alwer nei hûs.

It WK silen is fan 21 oant 26 augustus yn Medemblik.

Trefwurden: 
silen Marit Bouwmeester
(Advertinsje)
(Advertinsje)