Keamerfragen oer it oanspielen fan paraffine

12 aug 2017 - 10:02
Paraffine op it Noardseestrân - Foto: Twitter Richardt Kiewiet

D66 yn de Twadde Keamer wol fan de minister fan Miljeu witte wat dy docht om foar te kommen dat minsken en bisten yn kontakt komme mei de paraffine dy't oanspield is op ferskate strannen, ûnder oare op dat fan Flylân. It guod is gefaarlik, benammen foar bisten. Mar D66 makket him ek soargen oer de minsken dy't fanwege de Beach Cleanup Tour de strannen oan de Noardsee skjinmeitsje.

Fierder wol de partij witte hoe fier de minister kaam is mei it regeljen fan in ynternasjonaal ferbod op it loazen fan paraffine.

Trefwurden: 
paraffine
(advertinsje)
(advertinsje)