Swimmers stekke Iselmar oer foar NK swimmaraton

12 aug 2017 - 09:51

De 48e edysje fan de NK swimmaraton tusken Starum en Medemblik is sneontemoarn om njoggen oere úteinset. 21 swimmers stekke de Iselmar oer, in oerstek fan 22 kilometer. Der dogge dizze edysje ek wer in oantal bûtenlânske dielnimmers mei, njonken de Nederlanners weagje ek twa Dútsers en in Deen de oerstek oer de Iselmar.

Nei ferwachting komme de earste swimmers om ien oere hinne oan yn de haven fan Medemblik. De organisaasje ferwachtet de nedige útfallers, fanwege de lege temperatuer fan it wetter en de hurde wyn en rein.

Trefwurden: 
swimmaraton Starum
(Advertinsje)
(Advertinsje)