Friesland Beweegt wol mear kantoaren iepenje yn Fryslân

De Stichting Friesland Beweegt hat plannen om op meardere plakken yn de provinsje kantoaren te iepenjen. De stichting is yn 2009 opset foar it organisearjen fan in kuiertocht oer de Waadeilannen. Hjirnei is de organisaasje útgroeid ta in platfoarm foar it organisearjen, stypjen en oanpriizgjen fan alderhanne aktiviteiten. Ek kinne minsken ûnderfining opdwaan by Friesland Beweegt om sa wer in reguliere baan te krijen.
Mei de nije kantoaren hopet Friesland Beweegt dat de drompel om by de stichting oan it wurk te gean leech bliuwt. Ek kin sa mear help bean wurde oan besteande en nije eveneminten.