Blog: Juf op de Nederlânske skoalle yn Stockholm

Sweden-Skotlân-Sweden, dat is de rûte dy't Rimada Langhout en Jan Mulder de ôfrûne sân jier dien ha. Jan is neurowittenskipper en dat bringt wolris in ferhuzing mei him mei. Hy is ferbûn oan it Karolinska ynstitút, jim witte wol, fan de Nobel-priis. Rimada jout les oan de Nederlânske skoalle yn Stockholm. De Nederlânske skoalle is net in aparte skoalle. Se fersoargje lessen op twa lokaasjes yn de stêd nei de gewoane skoaltiden. Bern krije ien kear yn 'e wike twa en in heal oere Nederlânske les. De skoalle moat foldwaan oan de Nederlânske noarmen lykas de CITO-toets. Alle bûtenlânske bern yn Sweden ha rjocht op les yn har memmetaal. Om trije oere wie it tiid foar Rimada om har bern, Oscar en Emma, op te heljen. Sa koenen wy even yn in Sweedske klasse sjen. It reinde, mar dochs boarten hast alle bern bûten. Reinklean en learzens oan, altyd klear op min waar. En as it wiet wurdt giet alles yn de droechkast.
Yn Sweden stean bern sintraal, en sa as Jan Mulder seit: "Kinderen zijn heilig hier". Prestaasjes binne op skoalle minder belangryk, it giet om de ûntwikkeling fan it bern. Der wurdt in soad boarte en it bern bepaalt foar in grut part de lesstof. It liket soms hiel frijbliuwend mar neffens Rimada binne se, op 18-jierrige leeftiid like fier as bern yn Nederlân. Kreatyf tinken wurdt ûntwikkele en dat sjocht Jan werom by syn studinten.