Kollum: "Allinnich fierder?"

"Guon fan de harkers sille miskien myn lêste roman De Nova Scotia Staazje wol lêzen ha. Yn dat boek beskriuw ik ûnder oare in besite oan in eartiids ferneamde kroech The Misty Moon Cabaret yn Halifax, de haadstêd fan de Kanadeeske provinsje Nova Scotia. Myn grutte leafde foar de Amerikaanske band Heart is dêr foar in grut part ûntstien. In band dy’t yn it begjin fan de jierren santich foarme waard yn Seattle en Vancouver, letter de briedplakken foar de grunge fan Nirvana en Soundgarden.
Bysûnder oan de band Heart is dat der twa sussen de haadrol yn ha. De muzikanten der om hinne binne yn de rin fan de jierren ferfongen, mar Ann en Nancy Wilson ha altyd de kearn foarme. Se ha mear as 35 miljoen albums ferkocht en stean yn de Rock and Roll Hall of Fame. Harren útfiering fan Led Zeppelin’s Stairway to Heaven wie sa yndrukwekkend, dat Zeppelin sjonger Robert Plant triennen yn de eagen krige doe’t er it hearde. Dwers troch alle stoarmen hinne bleaunen de suskes Wilson ticht by elkoar, sa stiet te lêzen yn harren biografy. Harren heit wie beropsmilitêr en harren izeren dissipline om de band yn stân te hâlden sil grif mei de opfieding te krijen ha.
Ann Wilson hie har hiele karriêre gedonder mei har gewicht. De platemaatskippij liet har yn de fideo’s op it lêst allinnich noch sa sjen dat har oergewicht net yn byld kaam. Har sus wie slank en dus in bettere blikfanger. Probleem foar de kommersjeel tinkende jonkjes fan de plaatferkeapers wie Ann har stim. Want der hat nea in bettere froulike rockstim west as dy fan Ann Wilson. Dus wie har út de band knikkerje gjin opsje. Heart bleau albums meitsjen, oant yn 2016 harren lêste sammelalbum Beautifull Broken ferskynde. Beautifull Broken, se hienen grif net tocht dat dy titel sa wier wurde soe. Want de band Heart stiet faai. En dat komt net troch de suskes Ann en Nancy, mar troch in naar foarfal. Ann har man, Dean Wetter wurdt op 27 augustus 2016 arrestearre op fertinking fan mishanneling fan de twillingsoannen fan útrekkene Ann har sus Nancy. De jonges fan 16 jier woenen de nije toerbus fan tante Ann even besjen en dat mocht wol, as se de doar mar ticht hâlde soenen om de hûnen binnen te hâlden. Doe’t bliken die dat de doar even iepen stie, flipte omke Dean, de man fan tante Ann en fleach de jonges oan.
De band hat de restearjende optredens fan dy toer noch ôfmakke, mar sûnt 27 augustus ha Ann en Nancy Wilson net wer tegearre yn ien keamer west. Ann stiet foar in duvelsk dilemma, kieze foar har man of foar har sus en dus de band. As de berjochten doge, is der noch wol kontakt, mar allinnich fia de sms. Wat in drama, twa suskes dy’t safolle fan elkoar hâlde, safolle respekt foar elkoar ha, tûzenen kearen njonken elkoar op in poadium stien en grutte suksessen tegearre fierd ha. Troch sa’n dom foarfal, wêrby’t oantekene wurde moat dat Ann sels gjin bern krije koe, mar twa bern adoptearre hat.
Se ha no beide in nije band om harren hinne formearre. En se sjonge no los fan elkoar de grutte hits dy’t se mear as fjirtich jier tegearre en fantastysk twastimmich de minsken fan genietsje litten ha. Wat in earmoed.
Yn myn boek fertel ik dat ik freeslik rekke wie (en bin) troch de wurden fan Heart harren grutste hit ea. Dat nûmer hjit Alone. En ik tink net dat Ann en Nancy ea tocht hienen dat it earste kûplet fan dat nûmer harren sels nochris oerkomme soe. It giet sa:
I hear the ticking of the clock
I'm lying here the room's pitch dark
I wonder where you are tonight
No answer on the telephone
And the night goes by so very slow
Oh I hope that it won't end though
Alone"