Abe de Vries lûkt dichtbondel werom foar Gysbert Japicxpriis

12 aug 2017 - 08:13
Foto: Abe de Vries (Omrop Fryslân)

Dichter Abe de Vries wol dat de provinsje syn bondel Brek dyn Klank fan de list fan nominearre bondels foar de Gysbert Japicxpriis hellet. Dat skriuwt De Vries op syn Facebookside yn in iepen brief oan deputearre Sietske Poepjes.

De dichter is it net iens mei it provinsjale literêre belied. Benammen de wize wêrop't de provinsje omgiet mei it beneamen fan de Dichter fan Fryslân is net nei't sin fan De Vries. Hy neamt de plannen fan Poepjes 'sneue Poesyalbumdichter fan Fryslân-plannen'.

Mocht de bondel fan De Vries wol nominearre bliuwe foar de Gysbert Japicxpriis en winne, dan sil er de priis wegerje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)