Stefano Lilipaly giet per direkt fuort by SC Cambuur

Stefano Lilipaly giet per direkt fuort by SC Cambuur. De middenfjilder giet op eigen fersyk nei it Yndonezyske Bali United FC. De 27-jierrige Lilipaly makke ein jannewaris de oerstap fan SC Telstar nei SC Cambuur. Hy spile it ôfrûne healjier 16 wedstriden foar de Ljouwerters.
Lilipaly jout oan dat it foar him en syn frou altyd in dream west hat om yn Yndonezië te wenjen. Neffens technysk direkteur Gerald van den Belt hat Cambuur der alles oan dien om Lilypaly yn Ljouwert te hâlden. Cambuur winsket him lykwols alle sukses yn Yndonezië. De klup siket in opfolger foar de middenfjilder.