Winners Freulepartij huldige yn Boalsert

11 aug 2017 - 21:13

Yn Boalsert binne freedtejûn de winners fan de Freulepartij huldige. Hidzer Bogaard, Jelle Cnossen en Menno Galama fersloegen woansdei yn de finale it favorite partoer fan Eksmoarre en skreaunen dêrmei de 115e edysje fan de keatspartij op harren namme. It winnende trijetal fear freedtejûn op in pream troch de Boalserter grêften. Publyk koene de jonges fan de kant ôf harren lokwinsken jaan.

Trefwurden: 
Freulepartij keatsen Boalsert
(Advertinsje)
(Advertinsje)