Brânwacht yn aksje foar barbecue yn flat Hearrenfean

11 aug 2017 - 20:43
Foto: AST Media

De brânwacht fan It Hearrenfean is freedtejûn útrukt foar in barbecue. Bewenners fan in flat oan de Kennedyleane wiene yn in berging op de boppeste ferdjipping fan it gebou oan it barbecueën. Dêrby ûntstie in soad reek. Omstanners seagen de reek en tochten dat it om in brân gong en warskôgen de brânwacht. Dy hie al gau yn de gaten dat it 'loas alaarm' wie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)