Europeeske appelrisping dramatysk, Fryske kweker tefreden

11 aug 2017 - 20:19

De appelrisping yn Europa falt dit jier mear as tritich prosint leger út as fewachte. Benammen nachtfroast yn 'e maaitiid is dêr de oarsaak fan. Dútske en Poalske kwekers ha dêr it measte lêst fan, mar ek by kwekerijen yn Nederlân is de risping leger.

Fruitkweker Dirk de Groot fan Sint-Jabik is lykwols aardich terfreden. De kjeld hat by syn kwekerij, ticht by de waadkust, folle minder swier west. De risping fan de Elstars sil dit jier ek by him minder wêze as yn it topjier 2016, mar de Goudreinet docht it krekt wer better.

De appelprizen sille wol wat heger komme te lizzen, mar net spektakulêr, ferwachtet De Groot. "Of it soe wêze moatte dat Dútslân no folle mear Nederlânske Elstars ha wol." Ek oer de risping fan parren en prommen dit jier is De Groot opitmitysk.

Trefwurden: 
appel
(Advertinsje)
(Advertinsje)