SKS klassemint noch spannender nei't Akkrum protest ferliest

It klassemint by it SKS skûtsjesilen is noch wer spannender wurden. Freedtejûn waard bekend dat it protest fan Langwar tsjin koprinner Akkrum terjochte wie. Dêrtroch einiget Akkrum as lêste by de sechsde SKS wedstriid op de Fluezen by Ealahuzen.
Dat hat ek gefolgen foar it klassemint. Akkrum bliuwt koprinner, mar sjocht Grou hieltyd tichterby kommen. Akkrum hat no 13.8 punten, stiif dêr achter stiet Grou mei 13.9 punten.
Sneon is de sânde wedstriid op it wetter by Starum.
Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de omropapp te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.