SC Hearrenfean folslein fit foar FC Grins

11 aug 2017 - 19:13

De seleksje fan sportklup Hearrenfean is hielendal fit foar de derby fan it Noarden. Dat seit trainer Jurgen Streppel. "We staan er goed op en zijn echt fit." Hearrenfean begjint snein it nije seizoen mei de wedstriid yn en tsjin FC Grins.

Dennis Johnsen

Freed waard bekend dat de Noar Dennis Johnsen nei Ajax giet. Johnsen krige yn de tarieding in soad spylminuten en de striid om de linksbûten-posysje gong dan ek tusken him en Arber Zeneli. Streppel: "Het is echt jammer, we hadden hem graag in actie gezien. Maar ik denk dat je vooral trots moet zijn als zo'n speler zo'n transfer maakt."

Sam Larsson

De Sweed Sam Larsson sil snein net mei nei FC Grins. Larsson traint noch altyd apart fan de groep. Sa trainde er freed ek allinnich ûnder de Noardtribune. Larsson en Hearrenfean hawwe noch altyd de yntinsje om in nije klup foar him te finen, mar dan moat wol it goeie bedrach bean wurde. Larsson hat noch in kontrakt foar in jier en Hearrenfean hat boppedat noch de ienisidige opsje om dat mei in jier te ferlingen.

Opstelling

Hearrenfean spilet mei fjouwer nije spilers yn de basis. Daniel Hoegh, Denzel Dumfries, Lucas Woudenberg en keeper Warner Hahn begjinne alle fjouwer tsjin FC Grins. Op it middenfjild start Hearrenfean mei Morten Thorsby. Pelle van Amersfoort hat dêrtroch in plak op de bank.

Hahn; Dumfries, Høegh, Van Aken, Woudenberg; Schaars, Thorsby, Kobayashi; Ødegaard, Reza en Zeneli.

Trefwurden: 
fuotbal SC Hearrenfean
(Advertinsje)
(Advertinsje)