Arriva set ekstra treinen yn fanwege skûtsjesilen

11 aug 2017 - 18:52
Foto: Arriva

Arriva set sneon ekstra treinen yn tusken Ljouwert en Starum fanwege it skûtsjesilen. Ek binne de treinen langer om alle skûtsjesylleafhawwers plak te jaan. De treinen slute boppedat presys oan op de tiden fan it silen. Mocht de wedstriid by Starum net trochgean, dan ride de treinen wer neffens de gewoane tsjinstregeling.

Trefwurden: 
Starum SKS skûtsjesilen Arriva
(Advertinsje)
(Advertinsje)