Brantsje yn Dokkum, plysje docht ûndersyk

11 aug 2017 - 17:19
Foto: De Vries Media

De plysje yn Dokkum ûndersiket in brânstichting yn de boskjes efter de tsjerke oan de Fuldastrjitte. De brânwacht moast útride foar de brân yn in stapel grienôffal, tichteby in houten hokje dat foar opslach brûkt wurdt. De brânwacht hie it fjoer gau ûnder kontrôle.

Op it plak fan de brân is in oanstekker fûn. De plysje hat de oanstekker meinaam foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
Dokkum plysje brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)