Winst foar De Sneker Pan op it wetter by Ealahuzen

11 aug 2017 - 16:49

De Sneker Pan fan Snits hat freedtemiddei it skûtsjesilen op it wetter by Ealahuzen wûn. It skûtsje fan skipper Douwe Visser fan Snits wie de bêste by de sechde wedstriid fan it SKS kampioenskip. Op it twadde plak einige Wâldsein, mei skipper Teake Klaas van der Meulen. Johannes Meeter fan Huzum wie mei it skûtsje It Doarp Huzum freed goed foar it tredde plak.

''It wie wol leuk, mar it wie ek wol pineholle wurk hjoed'', sa fertelde skipper Visser nei ôfrin. ''It like wol of haw ik de hiele dei oan it wurk west. De wyn wie hjoed sa ûnwis, dêr waarden wy ek ûnwis fan. Mar dizze oerwinning jout de boarger úteinlik wol wer moed.''

Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de Omrop-app te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.

(Advertinsje)
(Advertinsje)