Harnzer radioljochtskip hat ferlet fan frijwilligers

11 aug 2017 - 16:25

De stichting Vrienden van het Lichtschip siket frijwilligers dy't it Harnzer radioljochtskip 'Jenni Baynton' mei opknappe wolle. It opfallende reade skip is bot oan ûnderhâld ta. It stielen skip hat nei de oarloch syn wurk earst dien as driuwend beaken yn de Theems, letter waard it in diskoskip. Doe't dy funksje troch strangere regels fuortfoel, fertutearze it skip.

Nei't de stichting Vrienden van het Lichtschip it skip fan de ûndergong rêden hat, is it in nij libben begûn as radioskip. Earst foar Radio Waddenzee, letter ek foar oare radiostjoerders. Foar it nedige ûnderhâld moat der jild komme én is der ferlet fan minsken dy't de hannen út 'e mouwen stekke wolle.

Neffens Sietse Brouwer fan de stichting is it sawol foar radio- as skipsleafhawwers in moaie útdaging om hjir oan mei te wurkjen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)