''De camping liket wol in oarlochsgebiet''

11 aug 2017 - 15:32

Fryske fakânsjegongers yn de provinsje Venetië yn Italië binne bot skrokken fan it swiere needwaar dat dêr tongersdeitemiddei om in oere as fjouwer oerhinne gien is. Troch in tornado binne der tinten fuortwaaid en beammen omwaaid. Fyftich minsken rekken ferwûne en moasten nei it sikehûs.

Durk Rypma (39) út Easterein sit mei syn freondinne en twa jonge bern op in camping yn Cavallino. Hy krige in beam op syn auto, dy't mar twa meter fan harren sjaletsje ôfstie. Hy en syn húshâlding rekken net ferwûne, mar de ravaazje is enoarm.

''Us sjalet begûn te skodzjen''

"Wy sieten yn it sjalet doe't it begûn te reinen en te waaien", fertelt Rypma. "Us sjalet begûn te skodzjen, doe't ik yn myn eachhoeke wat foarby flitsen seach. Ik sei tsjin myn freondinne: 'Waait dêr no in beam om?' Dus wy nei bûten ta om te sjen. Ja, ferrek der lei in beam op ús auto. Dat wie behoarlik skrikken fansels."

Nei it needwaar hat Rypma in slachje oer de camping west. Doe die wol bliken dat it mear as in buike west hie. "Der binne wol twintich beammen omwaaid as it net mear binne. En sjalets dy't folslein ferwoeste binne troch beammen. Ik ha begrepen dat der in beam op in famke fallen is, dy't ôffierd is mei de traumahelikopter. It liket no wol in oarlochsgebiet."

''Net ferwûne''

Sels rekken Rypma en syn famylje net ferwûne. Se bliuwe noch wol op de camping sitten. De auto leit no noch ûnder de beam, mar Rypma ferwachtet dat dy noch wol ride kin. "Wy sille tiisdei nei hûs. Wy meitsje der no it bêste fan. Het kwaad is al geschiedt. Mar de stemming op de camping is wol hier bedrukt. It wie hjir angstvallig stil."

(Advertinsje)
(Advertinsje)