Auto bedarret yn de sleat; bestjoerder mei skrik frij

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
In automobilist út Wommels is freedtemiddei mei de skrik frijkaam, nei't er op de Berkwerterleane tusken Spannum en Wommels mei syn auto yn de sleat bedarre. De man rekke mei syn tsjil yn de berm, wêrnei't er de macht oer it stjoer ferlear. Mei help fan omstanners koe de man út syn auto komme. In berger hat de auto út de sleat helle.