Hurdrider moat rydbewiis ynleverje by kontrôle

11 aug 2017 - 15:23

In 24-jierrige hurdrider moast freedtemiddei syn rydbewiis ynleverje by in snelheidskontrôle yn Ljouwert. De man ried mei 136 kilometer oer de Harnzerstrjitwei, dêr't 80 kilometer de maksimumsnelheid is. By dy kontrôle krigen twa oare hurdriders in boete om't se 119 en 125 kilometer yn 'e oere op de teller hienen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)