Mooglik glêsfezel op It Fean

www © Omrop Fryslân
Nei Ljouwert krijt mooglik ek It Hearrenfean in glêsfezelnetwurk. It bedriuw Reggefiber is yn petear om ek dêr alle húshâldens op it rappe ynternet oan te sluten. Dat sei Bert van Pijkeren fan it bedriuw by de ôfsluting fan it wurk yn Ljouwert. Hy tinkt dat ferskate oare Fryske gemeenten folgje sille.
In probleem kinne de kosten wurde. Benammen op it plattelân rinne dy heech op om't in soad graafwurk dien wurde moat. As yn in doarp 30 persint fan de húshâldens in glêsfezelferbining ha wol dan kin de oanlis út.
Yn Ljouwert wiene der in soad problemen by de oanlis fan it netwurk. Troch graafwurk ûnstiene der op ferskate plakken gaslekkaazjes.