Start skûtsjesilen by Ealahuzen útsteld

11 aug 2017 - 14:33

De start fan it skûtsjesilen by Ealahuzen is mei mear as in oere útsteld. Der stie gjin wyn op de Fluezen. De measte skippen hienen de seilen strutsen. Op de startkotter hong in wite flagge. Letter op de middei kaam der mear wyn, en koe de wedstriid úteinlik om trije oere hinne begjinne.

Alles oer it skûtsjesilen, lykas de livestream, útslaggen en de skûtsjepool is te finen op ús spesjale webside: Omropfryslan.nl/skutsjesilen. Dit alles is ek op de Omrop-app te finen. Update dan wol earst de app fia playstore of appstore.

(Advertinsje)
(Advertinsje)