Nije Ynjemonumint wurdt better befeilige

11 aug 2017 - 14:25
De Wachter - Foto: Omrop Fryslân, Hotske Rispens

De gemeente Ljouwert hat yn gearwurking mei de Stichting Indië-Monument Friesland maatregels naam om it it nije Ynjemonumint yn it Rengerspark te befeiligjen. Op 30 juny dit jier waard it nije stânbyld fan 'De Wachter' ûntbleate. It byld fan de jonge soldaat by it Ynjemonumint yn it Rengerspark yn Ljouwert waard yn de nacht fan 12 op 13 augustus ferline jier omsmiten en fernield. Dat barde op muzykfestival Into the Grave.

Hoewol de stichting en de gemeente nea in link lein hawwe mei it festival wurde der no wol maatregels naam. De camping dêr't de besikers de nacht trochbrochten, wie ek yn it Rengerspark. Dêr is dit wykein ekstra tafersjoch en ek de bewekking fan de camping sil ekstra skerp wêze.

(Advertinsje)
(Advertinsje)