Provinsjes: ''Mear dúdlikheid foar troffen plomfeehâlders''

Der moat mear dúdlikheid komme foar de noardlike plomfeehâlders dy't troffen binne troch de fipronil-affêre. Dat skriuwe de trije noardlike provinsjes yn in brief oan steatssekretaris Martijn van Dam fan Ekonomyske Saken. Doel is dat it foar plomfeehâlders dúdlik wurdt wat de regels binne, en hokker maatregels der naam wurde kinne. Ek wolle de provinsjes dat der ûndersyk dien wurdt nei de mooglikheid foar in lanlik needfûns foar de troffen bedriuwen.
''De fipronil-affaire leidt tot forse onzekerheid en financiële druk bij de getroffen ondernemers'', sa stiet yn de brief. Neffens de plomfeehâlders binne de noarmen en regels yn Nederlân folle stranger as yn oare lannen.