Gordykster krijt wurkstraf foar himptylt en wapenbesit

11 aug 2017 - 13:41
Foto: Plysje

In 35-jierrige man fan De Gordyk hat twahûndert oeren wurkstraf krigen foar it telen fan himp, wapenbesit en it yllegaal ôftaapjen fan stroom. De rjochter joech him ek in selstraf fan twa moanne ûnder betingst. Syn 48-jierrige eks-frou krige ek in selstraf fan twa moanne ûnder betingst, ek foar wapenbesit. Se waard frijsprutsen fan himptylt en it stellen fan stroom.

De saak kaam oan it ljocht doe't de plysje yn oktober 2014 in tip krige dat der yn in bedriuwsgebou oan De Klok op De Gordyk in himpkwekerij siet. De plysje trof dêr goed 1.100 himpplanten oan. Yn de wenning fan de fertochten yn De Tynje fûn de plysje in pistoal, munysje en pepperspray.

It Iepenbier Ministearje tinkt dat de twa goed 220.000 euro fertsjinne ha oan de himptylt. Dêrfoar wurdt in aparte saak tsjin har begûn.

Trefwurden: 
himp De Gordyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)