Omrop TIP: It Fierljepkafee iepenet har doarren

11 aug 2017 - 12:21

Op freed 11 augustus, oan de foarjûn fan it Frysk kampioenskip fierljeppen, is de boppeseal fan Herberch de Trijesprong yn Winsum wer omtsjoene ta it Fierljepkafee. Yn it radioprogramma komme in soad gasten út de fierljepwrâld fan doe en no oan it wurd om foarút te sjen nei it FK, mar ek om mei harren de fierljephistoarje yn te dûken.

Om 18.00 oere iepenet presintator Gerrit de Boer it kafee dêr't ûnder oaren sânfâldich FK-winner en hâlder fan it Nederlânsk rekôr Bart Helmholt te gast yn is. Fierder komme we yn de kunde mei de nije foarsitter fan It Frysk Ljeppers Boun: Teije Dijk fan Burgum.

Favoriten

Fansels skowe ek de favoriten fan dit jier oan. Nard Brandsma, Thewis Hobma, Marrit van der Wal en Klaske Nauta prate mei Gerrit de Boer oer it oankommende FK fierljeppen.

It FK fierljeppen fan 1986

It programma hat spesjaal omtinken is foar it jier 1986; it alderearste jier op de nije akkommodaasje yn Winsum. Wiene de ljeppers en de organisaasje klear foar de nije situaasje en hoe gie dat? Winner waard doe Gerhard Vlieger mei in nij Frysk rekôr. Ek de nûmers 2 en 3 skowe oan: Jan Knol en Bjinse Wolters. Etty Kramer-Spriensma waard doe de earste winner by de froulju.

It radioprogramma Fierljep Kafee hearst hjoed 11 augustus tusken 18.00 en 19.00 op de radio. Sjoch foar alles oer it fierljeppen op: Omropfryslan.nl/fierljeppen

(Advertinsje)
(Advertinsje)