Rekôr oanspielde brúnfisken

© Omrop Fryslân
Oan de Nederlânske Noardseekust is yn 2011 al in rekôr oantal brúnfisken oanspield neffens foargeande jierren. Dat meldt it sintrum Naturalis yn Leiden.
Der wurdt al jierren socht nei de deadsoarsaak fan oanspielde brúnfisken. Se wurde yn Fryslân benammen fûn op de Waadeilannen, mar dêr liket it tal oanspielde brúnfisken stabyl. De kâns is grutter dat hjir minder meldings dien wurde, omdat it rêstiger op it strân is.