Ljouwerter (35) foar alfde kear betrape sûnder rydbewiis

11 aug 2017 - 11:58
Rydbewiis - Foto: ANP XTRA

In 35-jierrige Ljouwerter is tongersdeitenacht foar de alfde kear yn trije jier tiid betrape op it riden sûnder jildich rydbewiis. Ditkear koe de man syn auto ynleverje. De plysje seach de man even nei healwei ienen riden yn de Van Leeuwenhoekstrjitte yn Ljouwert. It die bliken dat syn auto net fersekere wie en de man waard oan de kant set.

By de kontrôle joech er fuortendaliks oan dat er gjin rydbewiis mear hie. Hy hie ek nochris in flinke skuld by de belestingtsjinst. De plysje hat de auto yn beslach naam. De Ljouwerter hat in boete krigen foar it riden sûnder rydbewiis en foar it ûnfersekere riden.

Trefwurden: 
rydbewiis Ljouwert plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)