Kûveuze-ôfdieling MCL giet moandei wer iepen

11 aug 2017 - 11:45

De kûveuze-ôfdieling fan it sikehûs MCL yn Ljouwert giet moandei wer iepen. Ek de opnamestop op de berne-ôfdieling wurdt dan opheft. De ôfdielingen hawwe dan hast twa wiken ticht west, omdat der seis poppen besmet wienen mei de MRSA-baktearje. Dizze baktearje is de grutte skrik fan sikehuzen, omdat dy hast net te bestriden is mei antibioatika. De kûveuze-ôfdieling fan it MCL moast hielendal ûntsmet wurde. De hiele MRSA-krisis betsjut in flinke finansjele strop foar it sikehûs. De pasjintestop soarget foar in ferlies oan ynkomsten en alle potinsjeel besmette foarrieden, lykas ferbânmateriaal of spuiten, moasten fuortsmiten wurde.

Fazen

De iepening fan de kûveuze-ôfdieling bart yn fazen. Earst wurde seis fan de sechstjin plakken frijjûn, sadat de meiwurkers sjen kinne oft alles wer goed funksjonearret. Fan de seis poppen dy't besmet wienen mei MRSA, lizze der noch altyd twa yn it sikehûs. Sy wurde apart ferplege. Twa personielsleden mei MRSA meie fjouwer wiken net mei pasjinten wurkje en wurde behannele. As in test trije kear útwiisd hat dat se frij binne fan MRSA, meie se wer gewoan oan it wurk.

De MRSA-baktearje komt by ûngefear ien persint fan de befolking foar, dus is der altyd risiko dat de baktearje yn it sikehûs bedarret. Neffens wurdfierder Frits Mostert binne de protokollen fan it MCL lykwols op oarder, en is der op dit stuit gjin oanlieding om dy fierder tsjin it ljocht te hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)