Betonblokken pleatst yn Balk sadat auto's de Luts net ynride

De Lytse Side yn Balk © Google StreetView
Om foar te kommen dat automobilisten oan de Lytse Side yn Balk samar de Luts ynride, hat de gemeente De Fryske Marren tydlike feilichheidsmaatregels naam. Der binne betonblokken pleatst dy't it trochriden fan auto's tsjingean moatte.
De kade fan de Lytse Side is foar in part fernijd. Dêrby kaam de gemeente derachter dat de befeilingsbuizen dy't altyd by it wetter stiene, net werom pleatst wurde koene, omdat se yn in minne steat wiene. Nije buizen binne yn bestelling, mar dy kinne pas letter levere wurde.
Nei't de gemeente meardere ferûntrêste telefoantsjes fan boargers krigen hie, waard besletten tydlik betonblokken te pleatsen. De befeiligingsbuizen wurde oer in pear wiken oanbrocht.