De plysje ûndersiket de stellerij fan in boat mei bûtenboardmotor yn Snits. De boat waard yn de nacht fan woansdei op tongersdei stellen fan de IJlsterkade. In 21-jierrige ynwenner fan Snits hat oanjefte dien.