Tsientallen tips, mar gjin dúdlikheid oer dea Van Seggeren

11 aug 2017 - 11:13
Tjeerd van Seggeren - Foto: famylje fan Van Seggeren

In moanne nei de dea fan de 37-jierrige Tjeerd van Seggeren fan Kollumersweach, hat de plysje yntusken goed tachtich tips binnen krigen. Ek wurkje der op it stuit tweintich meiwurkers fan de plysje oan de saak, mar dochs is it noch hieltyd net dúdlik wat der krekt bard is. De plysje giet út fan in misdriuw. De ferwûnings oan de holle fan de Kollumersweachster wienen foar de plysje ek oanlieding om te tinken oan in oanriding.

It lichem fan Van Seggeren waard yn de nacht fan 8 op 9 july fûn yn in greide by De Westereen. Hy brocht dy nacht in besite oan in festival yn De Westereen, en kaam nea thús oan.

(advertinsje)
(advertinsje)