Skipper (53) mei drank op oanhâlden yn Ljouwert

11 aug 2017 - 10:30
Foto: ANP

De plysje hat tongersdeitenacht yn Ljouwert in 53-jierrige skipper oanhâlden, om't er tefolle dronken hie. Dêrneist siet er net allinne op de pream, mar hie er mar leafst sechstjin freonen en kollega's oan board fan it skip. De plysje hold de pream yn earste ynstânsje oan by de Foarstreek, fanwegen lûdsoerlêst.

Doe't de Ljouwerter skipper neffens rûtine blaze moast, die bliken dat er in pear flinke slokken tefolle op hie. Hy moast mei nei it plysjeburo, dêr is proses-ferbaal opmakke tsjin de man.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert alkohol skipper
(advertinsje)
(advertinsje)