Steatsboskbehear kappet goed tritich bunder sike esken

11 aug 2017 - 10:05

Op it lân fan Steatsboskbehear yn it súdeasten fan de provinsje wurde op dit stuit hast alle beammen kapt. It binne esken, op yn totaal goed tritich bunder grûn fan Steatsboskbehear, en dy binne siik. De ôfrûne winter binne fanwegen deselde esketak-stjerte ek al beammen kapt. Dat wienen doe allinne de beammen dy't akút gefaar opsmieten, omdat se bygelyks samar omfalle koenen. No binne de oare beammen oan bar.

''Yn de jierren '60 hat Steatsboskbehear keazen om in protte esken te plantsjen'', seit boskwachter Roel Vriesema. ''Dat binne beammen dy't hast oeral wol groeie wolle. No ha we dêr de hinder fan. Want der bliuwt hast net in beam oer. We wolle takom jier nije beammen plantsje. Dat moatte dan meardere soarten wurde. Dan kin it bosk wat mear ha. Op dit stuit sykje we út watfoar beammen oft dat dan wurde moatte.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)