Ferwûnen by ûngelok Lemmer

01 jun 2012 - 21:13

Twa minsken binne freed ferwûne rekke by in ûngelok op de A6 tusken De Lemmer en Eastersee. Troch noch ûnbekende oarsaak ferlear de bestjoerder, in 49-jierrige ynwenner fan Leiden, de macht oer it stjoer en kaam mei syn auto tsjin de fangrail oan.

Sawol de bestjoerder as syn passazjier binne by it ûngelok ferwûne rekke en moasten troch de brânwacht út de auto helle wurde. It ferkear hat troch it ûngelok noch in tiid lêst hân fan opûnthâld.

Trefwurden: 
ûngelok ferkear
(Advertinsje)
(Advertinsje)