Kollum: "Reizgers"

"Ik bin in frou en ik bin troud mei in man. In echten, sis mar. Hy sei lêst dat er my in moaie frou fynt en doe wie ik bliid dat wy net yn ‘e trein sieten want dan hie er dat amper mear sizze kinnen. Dan hie ’k in moai minske west, of in moaie reizger mar yn alle gefallen net in moaie frou.
Yn ‘e trein moetsje minsken elkoar en kinne je oan ‘e praat reitsje mei in leuke jonge of famke. Mar hjoeddeis wurdt it hieltyd dreger om yn te skatten wat immen is. Want der binne transgenders en dy binne fan alles in bytsje mar sjogge der al op in bepaalde manier út. Ik tink net dat se ferklaaid binne as in woartel of in kavia mar lykje op in minsk, in reizger.
Wy binne allegear reizgers op ús persoanlike reis op dizze wrâld en gjin reis is gelyk. Der is ek gjin minske gelyk en ik fyn dat eltsenien wêze moat sa’t er wêze wol. Ik ha gjin muoite mei transgenders of travestieten. Mar ik ha der al muoite mei dat ik hieltyd faker it gefoel krij ûndersnijd te wurden troch de kommersje dy’t it gewoane man/fou wêzen bagatalisearret. Se wolle ús in kant optriuwe dy’t my tsjinstiet. En dan hawwe we ek noch in geseur fan dy aaien derby. No… ik yt se gewoan en bin net bang foar dat bytsje gif. We ite sa stadichoan safolle rotsoai! As je regelmjittich by de giele M komme èn noch libje dan sille dy pear aaien grif net de ein fan ús reis wurde.
Ik ha in kear aaien bakt foar de bemanningsleden. It is alwer jierren lyn mar ik ferjit it noait wer. It wie yn ús earste offisjele folchboatsje mei in keuken en in knappe wc. Wylst de mannen faak op dy pot sieten te stjonken, stie de frou meastal yn ‘e keuken. Dat is fansels ek sa âlderwetsk en achterhelle mar it bart frjemd genôch noch wol. Ik hie al hast in doaze aaien yn ‘e koekepanne. Doe’t ik it lêste aai kapot tikke en dat yn ‘e panne glied, koe ik wol oer myn nekke gean! Dizze wie ferrot en net te súnich! Dêr kin gjin bemanning op ‘e pot tsjinop, tsjin dy stank.
Ik bin mei gong as in kûgel nei bûten stood mei de panne en ha alles oerboard kypt. Sjoch, sokke aaien ha ‘k dus al in hekel oan. As ik no wer safolle aaien tagelyk bak, dan doch ik se foar de wissigheid efkes yn in kopke wetter om te sjen oft it aai wol goed is. Soks kin ik myn bemanningsleden fansels net noch in kear oandwaan.
Bemanningslid… Dat is ek in raar wurd! Froulju kinne ek bemanningslid wêze en in transgender like goed. Mar de wurden ‘man’ en ‘lid’ binne no fansels al hiel gefaarlik. Ik bin benijd hoe lang’t it noch duorret foardat se dêr by de SKS en IFKS achterkomme.
En de sire kampanje oer echte jonges kin dan eins ek net mear. Der binne grif âlden fan in jonkje yn in jurkje dat achter de naaimasine sit of in famke op klompen dat yn beammen klimt, poer op tsjin. En as dy de snút iepen lûke, lûkt de mearderheid wer oan it koartste ein want sa giet it hjoeddeis. Mar ik wol ek gewoan wêze kinne wa’t ik bin, dus hâld alsjebleaft op mei dy flauwekul.
Wy moatte reizgje mei hoop en fertrouwen, net mei ûnderskied. En dat bart yn myn eagen no krekt al troch de wurden ‘manlju’ en ‘froulju’ te skrassen."