Ekstra fûgeltelling op it Waad

11 aug 2017 - 07:39

Tsientallen frijwilligers telle dit wykein fûgels yn it Waadgebiet. It giet om in ekstra telling, om te sjen wat wettertoerisme mei de fûgels docht, mar ek hokker ynfloed rôffûgels ha op de briedfûgels op it Waad.

Elke frijwilliger krijt by de telling syn eigen stikje Waad om te tellen. It hichtepunt dêrby leit sneontemiddei om tolve oere hinne, omdat it dan heechwetter is. 

Trefwurden: 
Waad fûgeltelling SOVON
(advertinsje)
(advertinsje)