Sike Dirk Brouwer ferlit gemeenteried It Amelân

11 aug 2017 - 06:25
It gemeentehûs fan It Amelân - Foto: Google Streetview

Dirk Brouwer komt nei it simmerreces net werom yn de gemeenteried fan It Amelân. Dat hat syn partij Ameland '82 bekend makke. Brouwer is al in skoft siik en fynt it net ferstannich om yn dizze riedsperioade noch langer as riedslid te funksjonearjen, sa ferklearret Ameland '82.

Brouwer is sûnt 1994 lid fan de gemeenteried. Chris Bouwer nimt syn sit oer. Hy is sûnt in pear jier lid fan de skaadfraksje fan Ameland '82 en hat Dirk Brouwer al meardere kearen ferfongen. Chris Brouwer wurdt op 28 augustus ynstallearre.

(advertinsje)
(advertinsje)