PvdD hat soargen oer beskerming bisten yn Griene Stjer

10 aug 2017 - 21:21
Psy Fi - Foto: Omrop Fryslân

De steatefraksje fan de Partij voor de Dieren wol fan de provinsje witte oft bisten yn it Griene Stjergebiet by Ljouwert wol genôch beskerme wurde wannear't der festivals yn it gebiet hâlden wurde. It is neffens de fraksje net dúdlik oft nêsten en rêstplakken fan de bisten wol genôch beskerme binne tsjin lûds- en ljochtoerlêst.

Yn it Griene Stjergebiet libje beskerme bistesoarten, lykas de earrebarre. It Natura 2000-gebiet De Grutte Wielen leit boppedat tsjin it festivalterrein oan. De Partij voor de Dieren wol dan ek witte oft de festivals wol de goeie ûntheffings en frijstellings hawwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)