Fertochte stekpartij Reutum is âld-Cambuurspiler

10 aug 2017 - 21:14
Foto: ANP

Ien fan de fertochten dy't oanhâlden is foar de deadlike stekpartij yn it Oeriselske Reutum is âld-Cambuurspiler Ruud ter H. Dat meldt RTV Oost. De 34-jierrige ynwenner fan Enschede is ôfrûne wykein tegearre mei syn 31-jierrige broer oanhâlden nei de stekpartij op it terras fan in kafee.

By dy stekpartij kaam in 22-jierrige man út Winterswijk om it libben. Trije oare minsken rekken ferwûne. De oanlieding fan de fjochterij wurdt noch ûndersocht. It soe neffens tsjûgen gean om in rúzje tusken twa famyljes.

(advertinsje)
(advertinsje)