Lead stellen yn Ljouwert

01 jun 2012 - 21:09
Foto: Omrop Fryslân

Yn Ljouwert is op twa plakken lead fan gebouwen stellen. Oan de Jan van Scorelstrjitte giet it om in stik fan sa'n 20 meter. De eigner fan it pân ûntduts de dieverij nei't er lêst fan lekkaazje krige. De skea wurdt rûsd op sa'n 5000 euro.

By in wenning oan Achter de Hoven waard goed seis meter lead fuorthelle. Der is oanjefte dien fan de stellerij.

Trefwurden: 
plysje stellerij lead misdie
(Advertinsje)
(Advertinsje)