MKB Noord: "Skaf subsydzjes foar ûndernimmers ôf"

10 aug 2017 - 21:11

"Skaf subsydzjes foar ûndernimmers ôf." Mei dizze opmerklike oprop komt foarsitter Lambert Zwiers fan ûndernimmersferiening VNO NCW-MKB Noord. Neffens Zwiers binne der fierstente folle regels en meitsje ûndernimmers der dêrom hast gjin gebrûk fan.

Faaks witte ûndernimmers net fan it bestean fan de subsydzjes of tinke se dat dy net foar har jilde. Tagelyk binne der in soad amtners mei dwaande, dat liedt ta burokrasy. MKB Noard soe leaver sjen dat de fennoatskipsbelesting ôfskaft wurdt. It jild dat oerhâlden wurdt, kin ynvestearre wurde yn it oannimmen fan minsken.

Trefwurden: 
subsydzjes MKB Noord VNO-NCW
(advertinsje)
(advertinsje)