Hoareka Snitswike hat lêst fan SKS skûtsjesilen

De hoareka yn Snits hat der lêst fan dat it SKS skûtsjesilen en de Snitswike dit jier tagelyk plakfine. Oerdeis is it rêstiger yn de stêd, sa seit Tjitske de Jong fan ytkafee De Walrus yn Snits. Jûns komme de minsken wol massaal nei de Snitser binnenstêd ta. Dêrtroch hat de omset fan de hoareka-ûndernimmers dan ek net hiel bot te lijen hân fan de konkurrinsje fan de SKS. De diskusje oer it lûd wie wol ferfelend, seit De Jong, mar die neat ôf oan de sfear yn de binnenstêd.
De festiviteiten yn Snits duorje noch oant en mei snein. Boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân ferwachtet dat it besikersoantal fan ferline jier op 'e nij helle wurdt. Doe kamen goed 300.000 gasten nei de stêd ta. Apotheker is tige tefreden oer it ferrin fan alle festiviteiten oant no ta. Neffens him hong der in âlderwetsk goede sfear yn de stêd en wiene der op wat lytse ynsidinten nei gjin grutte problemen.