10.000 euro staasjedonaasje

01 jun 2012 - 21:08
Supermerk

De giele donaasjeknop by supermerkketen Poiesz hat yn totaal goed 10.000 euro opsmiten. Mei de knop koene klanten harren staasjejild donearje oan in goed doel.

De supermerk hie de knop as proef yntrodusearre, mar wol no yn al syn supermerken in donaasjeknop ynstallearje. Yn totaal hawwe minsken goed 7.000 euro jûn, stifting Wilde Ganzen hat dêr nochris 3.000 euro by dien. It jild giet nei The Hunger Project.

(Advertinsje)
(Advertinsje)