Problemen mei kaartferkeap

De webside fan Teater Snits hat troch drokte freed koarte tiid oerbelêste west. Freed om 12.00 oere begûn de kaartferkeap foar it earste seizoen fan it nije teater. Minsken dy't kaartsjes bestelle woene waarden út it systeem smiten.
De organisaasje fan Teater Snits besiket om de bestellings sa gau as mooglik te ferwurkjen. Minsken dy't problemen hawwe mei it bestellen fan kaartsjes wurdt frege om nei it teater te mailen.