Motorrider slim ferwûne by ûngelok Nij Beets

10 aug 2017 - 17:29
Foto: Sicco Riedstra Fotografie

In 56-jierrige motorrider fan Tsjalbert is tongersdei slim ferwûne rekke by in ûngelok op de Swynswei yn Nij Beets. In 61-jierrige automobilist út dat plak botste frontaal op him. It is noch ûndúdlik hoe't dat gebeure koe. De motorrider is troch personiel fan de ambulânse en de traumahelikopter stabilisearre en dêrnei mei de sike-auto nei it UMCG brocht.

De autobestjoerder en syn passazjier kamen mei de skrik frij. De plysje docht fierder ûndersyk nei de krekte tadracht fan it ûngelok.

Trefwurden: 
motorrider Nij Beets
(Advertinsje)
(Advertinsje)